Ljouwerter ict-bedriuw makket webside cybertop

13 apr 2015 - 22:27

It Ljouwerter ict-bedriuw Cinnamon spilet in wichtige rol op de ynternasjonale cybertop, ein dizze wike yn Den Haag. Cinnamon hat de webside foar de top makke. Dêr sit moannen wurk yn, want der binne 120 ferskate rjochtlinen dêr't de webside oan foldwaan moat. Sa moat de side brûkersfreonlik wêze, tagonklik yn jierren âlde browsers en tige feilich.

Op de top sels is it Ljouwerter bedriuw mei fjouwer minsken oanwêzich om foar te kommen dat der wat misgiet.

De opdracht foar de cybertop, dêr't 1500 minsken út hûndert lannen ferwachte wurde, kaam net ûnferwachts. Ferline jier makke it bedriuw ek al de webside foar de atoomtop. Dêr wie ûnder oaren de Amerikaanske presidint Barack Obama ien fan de gasten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)