Ljouwerter hûs útset

01 aug 2007 - 10:39
  • De plysje wie moarns betiid al by it hus oan de Romkesleane

In bewenner fan in hûs yn de Oranjewyk yn Ljouwert is woansdei troch de gemeente út syn hûs set. De man besoarget syn buorlju neffens de gemeente al in skoftlang earnstige oerlêst.

Trettjin omwenjenden ha klachten yntsjinne oer lûdsoerlêst, fernielings, yntimidaasje en oanrin troch minsken út it drugssirkwy. Aksjes fan de gemeente en plysje om de oerlêst te beheinen ha neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)