Ljouwerter hôf net feilich

24 sep 2003 - 00:00

It Ljouwerter gerjochtshôf foldocht net oan 'e lêste feilichheidsmaatregels. Der binne gjin goede deteksjepoarten en de aparte yngong fan arrestanten moat better. Mooglik wurde needmaatregels nommen as de Raad voor de Rechtspraak gjin beslút naam hat oer it nijbouplan.

Mei de nijbou neist De Harmonie binne de problemen oplost. It beslút kin neffens de rjochtbankpresidint naam wurde om't it ministearje fan justysje de begrutting rûn hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)