Ljouwerter Ger Jaarsma wurdt nije foarsitter NVM

18 des 2015 - 06:27

Ljouwerter Ger Jaarsma, direkteur fan de Kredytbank Nederlân, is tongersdei keazen as nije foarsitter fan de Nederlandse Vereniging van Makelaars (NVM). Jaarsma folget yn april takom jier Ger Hukker op. It is foar it earst yn de skiednis dat de NVM in foarsitter kiest dy't net út de eigen feriening komt.

Jaarsma sil him de kommende jierren mei de makelersferiening rjochtsje op de feroarjende wenningmerk nei de krisis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)