Ljouwerter fytser krijt klap

04 jan 2012 - 10:41

In Ljouwerter (42) is tiisdeitemiddei mishannele yn syn wenplak. De man fytste om 5 oere hinne oer de Berltsumermerk, doe't hy remje moast foar in man en frou dy't ynienen de dyk oerstutsen. Omdat de man sa hurd remme, knapte syn remkabel. De man rôp wat yn de rjochting fan it twatal. Dêrop waard hy troch de man fan it stel yn syn gesicht slein.

De fertochte stapte doe yn in auto en ferdwûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)