Ljouwerter fytsedief oppakt nei fytsen troch read ljocht

31 mrt 2016 - 19:42

In 36-jierrige fytsedief út Ljouwert is tongersdei oanhâlden nei't hy op de krusing fan de Planeteleane en de Anne Vondelingwei troch read ljocht ried. Ut ûndersyk die al gau bliken dat de fyts dêr't de man op ried yn 2013 stellen wie. De man is oanhâlden foar heling, de fyts is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)