Ljouwerter fytsedief oanhâlden by Prinsetún

17 jul 2015 - 13:07

De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed in 40-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't krekt der foar twa fytsen fan in boat yn de Prinsetún stellen hie. De boatsjeminsken út Amsterdam skrokken wekker doe't se lûd op it dek hearden. Se seagen dat der twa fytsen misten en de 40-jierrige man útnaaien. It echtpear gie achter him oan.

De man besocht noch te ûntkommen troch ien fan de fytsen yn de boskjes te lizzen en der boppe-op lizzen te gean, mar de eigeners seagen dat en warskôgen de plysje.

Dy hat de man meinaam nei it plysjeburo. Derby misledige de man de plysjes. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)