Ljouwerter frou slim ferwûne by mysterieus ûngelok Grins

14 okt 2015 - 10:41

In 20-jierrige frou út Ljouwert is yn de nacht fan tiisdei op woansdei slim ferwûne rekke by in mysterieus ûngelok yn Grins. De frou waard fûn yn de tún fan in hûs oan de Paddepoelsterwei. Krekt dêrfoar hie in 37-jierrige Grinzer by dat hûs op de ruten kloppe en om help frege. Neffens de man wie hy mei syn auto it Van Starkenborghkanaal riden.

De man is nei it sikehûs brocht. Dêrnei waard de ûnderkuolle frou yn de tún fûn. Se is yn kritike tastân yn it sikehûs opnaam. In syktocht fan de brânwacht nei in auto yn it wetter hat neat opsmiten.

De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)