Ljouwerter frou pakt foar yllegale kaartferkeaperij

09 jan 2015 - 12:13

In frou fan 20 jier út Ljouwert is tongersdeitejûn oppakt omdat se sûnder fergunning kaarten ferkocht yn Akkrum. De frou wegere boppedat har legitimaasje sjen te litten doe't de plysje dêr om frege. By har arrestaasje fersette se har. Uteinlik is de frou arrestearre en nei it plysjeburo brocht. Nei ferhoar is se wer frijlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)