Ljouwerter frijsprutsen fan wenningoerfal yn Winschoten

10 mrt 2016 - 14:20
  • Justysje

De rjochtbank fan Grins hat tongersdei in 25-jierrige Ljouwerter frijsprutsen foar in wenningoerfal yn Winschoten. In 33-jierrige man út Grins is ek net feroardiele yn dizze saak. It Iepenbier Ministearje hie 22 moanne sel easke tsjin de Ljouwerter en twa jier sel tsjin de man út Grins.

De twa soene op nijjiersdei 2014 in man yn syn wenning yn Winschoten oerfallen hawwe. It slachtoffer hat de oerfallers besketten mei in krúsbôge, mar hy miste. De oerfallers bedrigen de man mei de dea en namen úteinlik jild, wat himp, in laptop en mobyl mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)