Ljouwerter fraksjes wolle fjoerwurkferbod mei jierwiksel

04 des 2015 - 15:20

De fraksjes fan de PvdA en PAL GrienLinks yn de gemeenteried fan Ljouwert wolle witte oft der mei de jierwiksel in fjoerwurkferbod ynsit yn Ljouwert. In mearderheid yn de ried hat de boargemaster ferline jier al frege om te besjen oft it fjoerwurkbelied oanpast wurde kin. Mar dat siet der doe net yn.

No't dúdlik wurden is dat de gemeente Hilversum op guon plakken in fjoerwurkferbod ynstelle mei fan de rjochter, wolle PAL GrienLinks en de PvdA dêr ek wer oer prate yn de ried.

Sels tinke se oan in fjoerwurkferbod yn it sintrum fan de stêd en yn de omkriten fan soarchynstellingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)