Ljouwerter foar 8e kear trappearre op riden ûnder ynfloed

07 mrt 2016 - 08:11
  • Autoride ûnder ynfloed

In 33-jierrige Ljouwerter is moandeitemoarn foar de fiifde kear oanhâlden foar it riden sûnder rydbewiis. Plysjes setten de man op it Vliet oan de kant. De man siet boppedat mei drank op achter it stjoer. It wie de achtste kear de man trappearre waard op riden ûnder ynfloed.

Syn auto is op 'e nij yn beslach naam. Dêrneist hie de man noch in selstraf fan 35 dagen iepenstean. De man is fuortendaliks ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)