Ljouwerter finzenis net mei sluting bedrige

21 mrt 2016 - 15:17

De finzenis yn Ljouwert hoecht foarearst net ticht. De PI Ljouwert stiet net op de list fan finzenissen dêr't minister Van der Steur maatregels nimme wol. Dy list is yn hannen fan de fakbûnen. Neffens Van der Steur is der de kommende jierren minder kapasiteit nedich, wêrtroch guon finzenissen ticht kinne.

Der is minder kriminaliteit en rjochters lizze minder hege straffen op. Van der Steur skriuwt dat yn in brief oan de Twadde Keamer. De finzenis fan Feanhuzen yn Drinte stiet wol op de list.

Neffens in wurdfierder fan de fakbûnen seit de list net alles oer hoe't it komt mei de finzenissen. Sa moatte de ûndernimmingsrieden en de polityk noch te set oer de plannen fan Van der Steur. En ek it ministearje moat noch mei in útwurke plan komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)