Ljouwerter fêst om drugs en ynbrekkersark

26 jan 2015 - 07:45

De plysje yn Ljouwert hat sneontejûn op de Eillartstrjitte in 49-jierrige Ljouwerter oanholden om't de man ûnder ynfloed fan drugs ride soe. De man wegere mei te wurkjen oan in bloedproef, wêrnei't syn rydbewiis ynnaam waard. De man hie derneist noch in boete iepenstean en derom waard syn auto yn beslach naam. Om't der ek noch stellen kentekenplaten en ynbrekkersark yn de auto lei, hat de plysje de man opsletten foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)