Ljouwerter fêst foar stellerij en heling fan fyts

02 feb 2015 - 11:36

In 25-jierrige man út Ljouwert is sneintejûn oanholden foar stellerij en heling. In 19-jierrige frou út Grins die sneintemoarn oanjefte fan har stellen fyts. Middeis belle sy op 'e nij mei de plysje, nei't se sjoen hie dat har fyts op ynternet te keap oanbean waard.

De plysje makke in ôfspraak mei de heler en koe de 25-jierrige Ljouwerter oanhâlde. De man sit noch fêst, de frou hat har fyts yntusken weromkrigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)