Ljouwerter ferwûne by ûngelok

07 jul 2009 - 09:53

In 46-jierrige ynwenner fan Ljouwert is tiisdei op de grutte dyk by Dronryp ferwûne rekke by in ûngelok. De man wie yn de auto ûnderweis fan Ljouwert nei Harns en is nei alle gedachten yn 'e sliep fallen. Dêrtroch rekke er fan dyk. Doe't er besocht dêr wer op te kommen, bedarre er tsjin de fangrail yn de middenberm.

De man is mei in harseskodding en rêchklachten nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)