Ljouwerter ferwûne troch stek

08 jun 2008 - 13:10

In Ljouwerter (18) is sneintemoarn slim ferwûne rekke nei't er op in izeren stek sprongen wie. De jonge wie oan de Spanjaardsleane in tal kear efter inoar yn in hage sprongen, mar hie blykber net yn de gaten dat der in stek yn siet.

By syn lêste sprong kaam er dan ek boppe-op in izeren punt fan it stek telâne. Hy rûn dêrby in slimme ferwûning op oan ien fan de skonken. Hy is mei de ambulânse oerbrocht nei it MCL-sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)