Ljouwerter feroarsaket file

18 okt 2008 - 14:27

De plysje op It Hearrenfean hat sneontemoarn in rydbewiis yn beslach naam fan in 29-jierrige man út Ljouwert. Dit nei oanlieding fan in melding dat in automobilist op de grutte dyk fan It Hearrenfean nei Ljouwert in file feroarsake.

De man ried hiel stadich en slingere fan de iene kant fan de dyk nei de oare. Omdat it fermoeden bestie dat de Ljouwerter ûnder ynfloed wie fan drugs, is by de man in bloedproef ôfnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)