Ljouwerter fernielt rút en bedriget eks-freondinne

26 jan 2015 - 10:06

De plysje yn Ljouwert hat snein in Ljouwerter (24) oanhâlden dy't krekt derfoar syn eks-freondinne (23) yn har wenning bedrige hie. De man fernielde ek in rút yn de foardoar. De frou woe de man der net yn litte, wêrnei't hy agressyf waard en mei geweld it hûs yn kaam.

De frou slute har sels op yn in sliepkeamer en belle de plysje. Doe't dy kaam, wie de fertochte al wer fuort. De plysje hat him letter oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)