Ljouwerter fan de fyts slein

13 aug 2009 - 10:27

In Ljouwerter (24) is woansdeitenacht op de Stuyvesantwei swier mishannele. De man fytste om ien oere hinne by de rotonde, doe't twa mannen him sûnder oanlieding fan syn fyts sloegen. De man rûn troch de klap en de fal fan syn fyts in harsenskodding op.

Fan ien fan de dieders is it sinjalemint bekend. It giet om in blanke man fan 1.80 à 1.85 meter lang, normaal postuer en koart ljocht hier. De man droech in spikerbroek en in swarte learen jas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)