Ljouwerter famke terjochte

12 apr 2009 - 12:58
  • Tessa Marije Das is wer terjochte

De fermiste 16-jierrige Tessa Marije Das út Ljouwert is wer terjochte. Se waard yn de nacht fan sneon op snein oantroffen yn it sikehûs fan Drachten. It famke wie sûnt tongersdei fermist.

Se gie doe om boadskippen en kaam net wer thús. Tessa Marije Das wie sneontenacht yn it Drachtster sikehûs, omdat in freon fan har behanneling nedich hie. Personiel fan it sikehûs herkende Tessa Marije Das en belle de plysje. Dy hat it famke werom brocht nei har hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)