Ljouwerter F-16's nei Kirgizië

18 des 2002 - 00:00

De fleanbasis yn Ljouwert makket him ree foar in missy yn Kirgizië. Yn jannewaris sille hûnderttsien meiwurkers en seis F-16's nei de eardere Sovjetrepublyk om yn Afghanistan mei te helpen by it hanthavenjen fan de frede.

De F-16's helpe de lêste tiid faak by fredesmissys. De fleanbasis is dan ek bliid mei de opstelling fan de Twadde Keamer. Dy is tsjin de besunigings dy't it kabinet hâlde wol op de F-16's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)