Ljouwerter Edelenbosch 70 jier lid fan fakbûn FNV

07 maaie 2015 - 15:39
  • Edelenbosch wie op 1 maaie 70 jier lid fan it FNV

De 95-jierrige Edelenbosch fan Ljouwert is tongersdei troch it fakbûn FNV huldige, omdat er al 70 jier lid is. Edelenbosch waard op 1 maaie 1945 lid fan Mercurius, ien fan de foarrinners fan de FNV. Yn syn wurksume libben wie er ûnder oare direkteur fan Nedloyd yn Ljouwert.

Edelenbosch wie ek aktyf yn it keatsen yn Huzum en hat trije kear de alvestêdetocht útriden. De huldiging as fakbûnslid wie hast ek noch oergien, omdat er syn ribben kniesd hat, trochdat er fallen wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)