Ljouwerter driget mei mes

08 mrt 2015 - 11:12

Yn Ljouwert is sneontejûn in man fan 42 jier oanhâlden om't er mei in mes drige hie. In groep jonge manlju hie de plysje belle dat se bedrige waarden yn de Gysbert Japicxstrjitte yn Ljouwert. Doe't de plysje kaam, liet de man it mes falle, hy is oanhâlden. Wierkynlik hiene de jongeren en de man spul oer lûdsoerlêst. De fertochte fersette him bot by syn oanhâlding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)