Ljouwerter drankrider is rydbewiis en auto kwyt

17 jul 2015 - 08:32
  • Alkohol

In 19-jierrige automobilist út Ljouwert is freedtemoarn betiid syn rydbewiis en syn auto kwytrekke. De begjinnende bestjoerder ried op de Saturnuswei mei drank op tsjin in stoeprâne oan. Syn auto rekke hjirby swier skansearre. Ien fan de foartsjillen bruts sels hielendal ôf. Doe't de plysje derby kaam, die al gau bliken dat de man drank op hie. De plysje naam syn rydbewiis yn beslach en de man krige in rydferbod fan 12 oeren.

In 23-jierrige Ljouwerter drankrider is om middernacht op de Bokdoornstrjitte fan de dyk helle. Om't de man earder foar itselde fergryp oanhâlden is, moat hy him ynkoarten by de rjochter melde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)