Ljouwerter drankrider moat rydbewiis ynleverje

09 mrt 2016 - 08:26
  • Alkoholkontrôle

In 64-jierrige automobilist út Ljouwert is tiisdeitenacht syn rydbewiis kwytrekke, omdat hy betrape waard op it riden mei drank op. Plysjes setten de man om twa oere hinne op de Archipelwei oan de kant. Al gau die bliken dat de man mei tefolle drank achter it stjoer siet.

De Ljouwerter is syn rydbewiis foarearst kwyt en moat ek in kursus folgje by it CBR.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)