Ljouwerter dielt klappen út

10 mrt 2008 - 12:04

In 22-jierrige Ljouwerter is sneontenacht yn Sânhuzen oppakt foar mishanneling. Yn in kroech yn dat plak krige de man út Ljouwert spul mei twa ynwenners fan Appingedam, in jonge fan 17 jier en in man fan 22 jier. De Ljouwerter dielde meardere klappen út.

De manlju út Appingedam rekken dêrby ferwûne. Sy moasten nei it sikehûs. De Ljouwerter sit noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)