Ljouwerter detasjemint fernimt taname spanning mei Ruslân

12 nov 2014 - 12:18
  • F-16

It F-16 detasjemint fan de fleanbasis Ljouwert kin goed fernimme dat de spanning mei Ruslân oprint. It detasjemint, dat tydlik yn Poalen sit, wurdt ynset foar de beskerming fan it loftrom fan de Baltyske Steaten. De lêste wiken ûnderskeppe fleantugen fan de NAVO dy't dêr stasjonearre binne, hieltyd faker Russyske gefjochtsfleantugen. De Ljouwerter F-16's binne sels noch net ynset om Russyske fleantugen te ûnderskeppen.

It loftrom dat se beskermje leit krekt bûten de fleanrûtes dy't de Russen faak brûke. De Ljouwerters brûke de tiid om te oefenjen mei de Poalen. De Poalen fleane deselde tastellen as de Russen. Takom wike rint de missy ôf. In detasjemint fan de fleanbasis Volkel nimt it kommando dan oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)