Ljouwerter delsketten

13 sep 2008 - 13:36
  • De rezjerzje docht ûndersyk

In man is sneontemiddei ferwûne rekke by in sjitpartij oan de Adoniswei yn Ljouwert. By syn autobedriuw op bedriuweterrein De Himrik waard it slachtoffer in tal kearen besketten troch in noch ûnbekende man. De dieder is nei de sjitpartij fuortriden. It slachtoffer is mei ferwûnings nei it MCL yn Ljouwert brocht.

De plysje is op syk nei de dieder. Syn kenteken is bekend. De oanlieding fan it sjitynsidint leit neffens de plysje yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)