Ljouwerter dealer smyt hannel yn wetter as plysje komt

31 jul 2015 - 11:03

In Ljouwerter fan 22 jier is tongersdeitemiddei oppakt foar de hannel yn harddrugs. De man waard troch plysjeminsken betrape op de Amelandstrjitte yn syn wenplak. Doe't er de plysje seach, smiet er syn drugs yn it wetter en naaide er út.

Nei in achterfolging koe de man oppakt wurde. Yn it wetter fûn de plysje letter in pûde mei 37 boltsjes harddrugs. Dat is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)