Ljouwerter dea yn silo

05 apr 2011 - 09:49

In 35-jierrige Ljouwerter is moandei omkaam by in bedriuwûngefal oan de Oosterringweg by Luttelgeest.

De monteur stie boppe op in fergistingssilo doe't hy troch noch ûnbekende oarsaak yn de silo foel. De man rekke bedobbe. In rêdingsaksje troch de helptsjinsten helle neat út. Om de man út de silo helje te kinnen moast dizze earst leechpompt wurde. De arbeidsynspeksje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)