Ljouwerter byld alvestêderider ferhuzet nei nije iishal

17 feb 2015 - 20:46
  • De Alvestêderider by de ûntbleating yn 1966

It ferneamde byld fan de alvestêderider ferhuzet. It byld stiet al sûnt de jierren '60 by de beurshallen fan Ljouwert, mar krijt nei de simmer in plakje by de nije Ljouwerter iishal. De iishal wurdt ek de startlokaasje fan in takomstige alvestêdetocht en neffens de gemeente is it dêrom tapaslik dat it byld dêr ek komt te stean.

De alvestêderider waard makke yn 1966 en de eardere alvestêdetochtwinner fan 1963, Reinier Paping, hat der foar model stien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)