Ljouwerter brutsen kaak slein yn Seelân

17 maaie 2015 - 09:30

In ynwenner fan Ljouwer is dit wykein mishannele yn in kafee yn Renesse, yn Seelân. De 33-jierrige man waard slein en rûn dêrby in brutsen kaak op. De plysje hat de dieder yntusken oanhâlden. It giet om in man út Dútslân, dy't de mishanneling ek bekend hat. Hy moat him letter ferantwurdzje foar de rjochter. De Ljouwerter is yntusken mei in taksy nei it sikehûs yn syn wenplak brocht, foar in operaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)