Ljouwerter brânwacht komt yn aksje foar brânende matras

19 jan 2016 - 08:39
  • De brânwacht blust in matras

Twa plysjeminsken en de bewenster fan in hûs oan de Werkmanslust yn Ljouwert hawwe moandeitenacht by in brân yn de wenning reek binnen krigen. Se binne troch meiwurkers fan de ambulânse behannele.

De plysjeminsken giene nei binnen om in brânende matras nei bûten te heljen. It matras wie yn de brân flein, nei alle gedachten troch koartsluting yn in elektryske tekken. De brânwacht hat it matras blust en de wenning fentilearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)