Ljouwerter bôgen wurde fuortjûn

25 jan 2001 - 09:18

Leafhawwers fan de grutte bôgen op it Saailân yn Ljouwert kinne har by de gemeente oppenearje. De arkades wurde fuorthelle om't in protte ynwenners der argewaasje fan hawwe. It stik foar it justysjegebou komt as earste beskikber.

Wa't it stik fan 13 meter lang, 6 meter tsjok en 6 meter heech fergees ha wol, moat foar 16 febrewaris in brief nei de gemeente Ljouwert stjoere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)