Ljouwerter bespuite mei pepperspray

21 feb 2015 - 13:50
  • Plysje

In 46-jierrige man út Ljouwert is yn de nacht fan freed op sneon mishannele yn it sintrum fan syn wenplak. De man hie earder yn 'e nacht rûzje mei in ûnbekende man, doe't dy syn freondinne lêstich foel. De twa krigen dêrop rûzje, mar leinen dat ek wer by. Doe't it slachtoffer en syn freondinne yn in taksy stappe woenen, waard er bespuite mei pepperspray, ek krige er in klap mei in bierfleske. Hy moast him dêrop behannelje litte troch in dokter. De plysje siket noch nei de dieder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)