Ljouwerter besiket stellen fyts te ferkeapjen

27 maaie 2015 - 11:37

De plysje hat tiisdeitenacht in Ljouwerter (37) oanhâlden foar it helen fan in stellen fyts. In Ljouwerter (20) waard yn de Doelesteech troch de man oansprutsen mei de fraach oft hy in fyts keapje woe. De 20-jierrige man joech oan dat hy dat net woe, mar seach wol dat de heler in tichtklapt bûsmes yn de hân hie.

Hy warskôge in portier en tegearre hâlden se de heler steande en droegen him oer oan de warskôge plysje. Dy hat de heler oanhâlden en de fyts en it mes yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)