Ljouwerter berôve fan gsm

23 sep 2007 - 13:47

In Ljouwerter (20) is sneintemoarn betiid yn syn wenplak berôve fan syn mobile telefoan. It slachtoffer rûn mei syn gsm yn 'e hân fanút de Valeriusstrjitte nei it Europaplein. Neist him kaam in auto te riden, wêrút twa manlju stapten.

Se pakten de telefoan fan de man en rûnen werom nei de auto. Dêrop pakte it slachtoffer ien fan de beide fertochten beet. De Ljouwerter krige klappen. De fertochten naaiden út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)