Ljouwerter berôve fan beurs troch trijetal

22 jan 2015 - 10:35

De plysje fan Ljouwert is op syk nei tsjûgen fan in strjitrôf yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn de Nije Oosterstrjitte. In 36-jierrige Ljouwerter waard krekt nei healwei trijen 's nacht by in reisburo oansprutsen troch trije manlju. Hy waard troch it trijetal slein en berôve fan syn beurs.

It giet om trije manlju mei in donkere hûdskleur, dy't ûngefear 40 jier âld binne. Wa't wat sjoen hat, kin him melde by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)