Ljouwerter belediget en bedriget plysje fia de telefoan

31 des 2014 - 13:43

In 41-jierrige Ljouwerter is tiisdeitemoarn oanhâlden, omdat hy in plysjemeiwurker fan it plysje-servicesintrum fia de telefoan bedrige en beledige hat. Dat servicesintrum sit yn Grins. De man is foar neier ûndersyk fêstsetten op it buro en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke. De meiwurker fan it servicesintrum hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)