Ljouwerter bekent wenningynbraak

19 jan 2005 - 17:29

In 30-jierrige man út Ljouwert hat oan de plysje bekend dat er ein desimber ynbrutsen hat yn in wente oan de Valeriusstrjitte yn Ljouwert. Ut it hûs hat er ferskate saken stellen wêrûnder in digitale kamera en in mobile tillefoan.

De Ljouwerter wurdt ek noch fertocht fan twa oare ynbraken. Dizze hat er noch net bekend. Yn ferbân mei fierder ûndersyk en in grutte kâns op werhelling sit de man noch hieltyd fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)