Ljouwerter bedriget strjitcoach mei de dea

14 jan 2016 - 11:35

In 45-jierrige Ljouwerter is woansdeitemiddei oanholden omdat er in strjitcoach mei de dea bedrige hie. It slachtoffer spruts de man op de Wurdumerdyk oan, omdat de Ljouwerter syn hûn losrinne liet.

De fertochte woe syn identiteitsbewiis net sjen litte. Dêrnei bedrige er de strjitcoach mei de dea. De man út Ljouwert is oppakt. De plysje stelt in ûndersyk yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)