Ljouwerter bedriget minsken op It Hearrenfean

16 maaie 2015 - 10:41

De plysje hat freed op It Hearrenfean in Ljouwerter (36) oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it bedriigjen fan fjouwer minsken. Dat soe bard wêze yn in klup oan de Munnikstrjitte. De fjouwer slachtoffers hawwe oanjefte dien fan bedriging.

Yn Ljouwert wie freedtemiddei ek in oanhâlding yn ferbân mei bedriging. Dêr gie it om in Ljouwerter (25) dy't yn in winkel oan de Eastersingel betrape waard op stellerij. In meiwurkster seach dat hy wat yn 'e bûse die. Doe't hy dêrop oansprutsen waard, bedrige hy it personiel en naaide út.

Dizze fertochte koe letter oanhâlden wurde en is ek meinommen nei it plysjeburo. Dêrby fersette de man him bot, mar hy koe lang om let ynsletten wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)