Ljouwerter bedrige mei fjoerwapen

23 nov 2014 - 10:40
  • Ljouwerter driget mei fjoerwapen

De plysje hat sneontejûn twa Ljouwerters fan 27 en 43 jier oanhâlden foar bedriging en fjoerwapenbesit. De 27-jierrige fertochte hie in man fan 30 jier út Ljouwert bedrige by syn wenning. Dêrby soe er mei in pistoal swaaid ha. De manlju kenne elkoar en hawwe rûzje oer in kwestje yn de relasjonele sfear. It slachtoffer flechte syn hûs yn en belle de plysje. De fertochte naaide út yn in auto. Eefkes letter seach de plysje de auto op it Fliet. Yn de auto siet de fertochte mei de 43-jierrige Ljouwerter.

De plysje fûn in pistoal mei munysje yn de auto. Beide manlju sitte fêst op it buro. In pistoal is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)