Ljouwerter automobilist ûnder ynfloed achter it stjoer

30 des 2014 - 08:37
  • (foto-ympresje)

In 33-jierrige Ljouwerter is moandeitejûn betrape op riden ûnder ynfloed. De plysje wie ûnderweis nei in melding fan in mishanneling, doe't se de automobilist op de Brandemeer riden seagen. Hy is oan de kant setten.

Doe die ek bliken dat de man earder al syn rydbewiis kwytrekke wie. Hy hat in proses-ferbaal en in rydferbod fan seis oeren krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)