Ljouwerter autodief oanhâlden

02 sep 2011 - 10:04

De plysje hat tongersdei yn Grou in Ljouwerter (25) oanhâlden fanwege stellerij, mishanneling en ride ûnder ynfloed. In tsjûge hie sjoen dat de man apart oer de dyk ried en belle de plysje. Doe't dy de man oanhâlde die bliken dat er ûnder ynfloed wie fan nei alle gedachten GHB.

De plysje ûntduts ek dat de fertochte de auto in pear wiken lyn mei geweld stellen hie fan in man út Grou. Syn rydbewiis wie ek net mear jildich. De man is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)