Ljouwerter is auto kwyt fanwegen iepensteande boetes

02 des 2015 - 10:57
  • Oanhâlding

De plysje yn Ljouwert hat tiisdei op de Stasjonswei in 62-jierrige Ljouwerter oanhâlden om't de man noch boetes fan mear as 1100 euro betelje moast. De man hie dat jild net by him, wernei't syn auto yn beslach naam is. De man krijt de auto werom sadree't hy betelle hat.

Dronken man misdraacht him

In 37-jierrige Ljouwerter is tiisdeitenacht oanhâlden om't de dronken man him op it Ruterskertier misdroech tsjin hoarekameiwurkers en plysjeminsken. Nei meardere warskôgings waard de man úteinlik meinaam nei it plysjeburo. Dêr is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)