Ljouwerter amtners yn kelders

13 jun 2001 - 00:00

It romtegebrek fan de amtners yn Ljouwert kin oplost wurde troch ekstra kelders ûnder it histoaryske stedhûs te bouwen. It stedhûs stiet leech om't de grutte restauraasje taret wurdt.

De fundearring moat ek oanpakt wurde en tagelyk kinne de kelders realisearre wurde. Mei elkoar kostet de restauraasje goed fyftjin miljoen gûne. De plannen foar de kelder kostje sân ton ekstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)