Ljouwerter Alvestêdehal hat it drok mei besikers

27 nov 2015 - 19:02

De Ljouwerter Alvestêdehal lûkt alle dagen mear as tûzen besikers. De hal draait dêrmei de earste seis wiken fier boppe ferwachting. Troch de ekstra drokte wurdt der op hast alle ôfdielingen ekstra personiel ynset. Direkteur Johan van der Kooi ferwachtet dat de drokte oant jannewaris oanhâldt.

Dit wykein is it nochris ekstra drok om't Energie Service Friesland op it binnenterrein in grutte enerzjybeurs hâldt ûnder it biedwurd 'Vier de winter'. By sa'n 40 stands is ynformaasje te krijen oer alles wat mei enerzjy en enerzjybesparring te krijen hat.

De beurs is fergees tagonklik en klanten fan it organisearjende bedriuw meie ek fergees ride. Sa'n 3.000 minsken hawwe har dêr al foar opjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)