Ljouwerter Akse oppakt foar it ombringen fan IS-striders

15 jan 2016 - 16:13
  • Jitse Akse

De plysje hat woansdei de Ljouwerter âld-soldaat Jitse Akse oanholden op fertinking fan it ombringen fan IS-striders yn Syrië. Akse hat even fêstsitten, mar is op dit stuit wer op frije fuotten. Hy mei it lân net út, moast syn paspoart ynleverje en moat him alle wiken melde by de plysje. Sa wol it Iepenbier Ministearje foarkomme dat er wer werom giet nei Syrië.

Neffens it Iepenbier Ministearje hat Akse sein dat er werom wol nei Syrië. Hy soe dêr fochten ha tsjin IS, oan de kant fan de Koerdyske folksmilysje YPG. It is foar it earst dat it Iepenbier Ministearje sa'n saak yn ûndersyk hat. 

Koerdyske striid

It ûndersyk is opstarten nei oanlieding fan uterings fan Akse yn de media. Hy hat ûnder oare ynterviews jûn oan de Volkskrant en EenVandaag, en ek op syn eigen Facebook-side freget er oandacht foar de Koerdyske striid. 

De plysje ûndersiket no wat der krekt wier is fan alles wat er sein hat. As dat ûndersyk klear is, sil it Iepenbier Ministearje bepale oft Akse ek ferfolge wurdt. 

Strafrjocht

It Iepenbier Ministearje lit wite dat minsken dy't tsjin IS stride ek gewoan ûnder it Nederlânsk strafrjocht falle wannear't se yn it bûtenlân in misdriuw begean. De Nederlânske wet jout boargers net de mooglikheid om geweld te brûken, behalve wannear't der sprake is fan in útsûnderlike sitewaasje lykas selsferdigening. Dêrom kin it ombringen fan IS-striders liede ta in ferfolging foar moard. 

Dat jildt neffens it Iepenbier Ministearje net foar de Nederlânske soldaten dy't de Koerden helpe, omdat dy soldaten dat dogge op fersyk fan de Iraakse regearing. Datselde jildt foar de ynset fan F16's boppe Irak, seit it IM.

Tsjin de Ljouwerter Krante sei Akse earder dizze wike dat er him net drok makke oer in mooglike arrestaasje. "Ze vinden mij niet interessant. En mocht ik worden opgepakt, dan staat binnen de kortste keren het Binnenhof vol.'' Sneon publisearret de krante in ynterview mei him. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)